'Mear jild foar Moordvrouw'

De steatefraksje Friese Koers fynt dat der ekstra subsydzje moat nei Moordvrouw. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra is it RTL-programma in sjochsiferkanon yn Nederlân en België. It set Fryslân goed op de kaart en dêrom moat der opnij jild by.
Earder wie der krityk op de subsydzje oan de searje. Steateleden út Grinslân en Drinte fûnen it net kinnen dat it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân Moordvrouw stipe mei goed in miljoen euro.