MFS Aldwâld iepene

boargemaster Bilker die de iepening
Yn Aldwâld is it nije multifunksjonele sintrum Hústerwâld mei pjutteboartersplak sneon iepene troch boargemaster Bilker fan Kollumerlân.
It nije sintrum stiet ticht op de kristlike basisskoalle en dat hat yn de oanrin grutte problemen opsmiten. Sa kaam de iepenbiere skoalle yn ferset, want troch de pjutten ticht by de kristlike basisskoalle ûnder te bringen, drige de skoalle de oanwaaks fan nije learlingen mis te rinnen.