Cambuur ferliest mei 3-1

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert ferlear de lêste wedstriid fan dit jier mei 3-1 fan Go Ahead Eagles. De ploech út Deventer kaam earst mei 2-0 foar. Jeroen Ketting brocht dêrnei yn de twadde helte de spanning noch wol werom troch de 2-1 te skoaren, mar acht minuten letter besliste Go Ahead de wedstriid troch de einstân op 3-1 te setten.
Cambuur giet de winterstop yn op it alderlêste plak fan de Jupiler League mei 20 punten út 22 wedstriden.