Nije eigner foar Vos

21 des 2007 - 21:33

Alle aktiviteiten fan Vos Logistics yn Noard-Nederlân binne oernaam troch in nije eigner. It noardlike part fan it bedriuw, dat earder yn Surhústerfean siet, is oernommen troch de hjoeddeiske direkteur De Vries. Vos sit sûnt in pear jier yn Veendam, mar der wurkje noch altiten 80 Friezen.

Mei de nije eigner binne dy der wis fan dat se oan it wurk bliuwe kinne. Vos Logistics soe der op it stuit finansjeel min foar stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)