Man yn sel om eksploazje

De ravaazje nei de eksploasje wie grut
In ynwenner fan Mitselwier moat in jier de sel yn, om't er foar in gaseksploazje soarge hat yn it appartemintekompleks dêr't er wenne. De man draaide yn maart fan dit jier de gaskraan yn syn appartemint iepen neidat er kearsen oanstutsen hie.
By de eksploazje dy't dêrop folge waard de sydgevel út appartemintekompleks blaasd en ûntstie der brân. Der wie in heal jier selstraf tsjin de man easke.