Skoalbern Raerd fiere aksje

21 des 2007 - 12:14

Alle 54 bern fan de basisskoalle it Raerderhiem yn Raerd binne freed troch har âlders út protest net nei skoalle brocht. De âlders binne lulk om't juf Sieb ôfrûne tiisdei op non-aktyf set is. De juf wurket al 16 jier oan skoalle en moat fuort om't se net mei de nije direkteur opsjitte kin.

De boppeskoalse organisaasje fynt de aksje fan de âlders ûnferstannich. It sil ek neat úthelje. De juf komt net werom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)