Turngala folslein útferkocht

Sa'n 5000 taskôgers komme freed nei it Univé Gym Gala op it Hearrenfean. Op it gala trede turners út de hiele wrâld op. Ferline jier kamen der ek in soad minsken op ôf.
Mar dit kear hie de hal wol trije kear útferkocht wêze kinnen. Dat komt troch de populariteit fan Epke Zonderland fan de Lemmer. Hy giet takom simmer as earste Nederlânske turner sûnt 1928 nei de Olympyske Spelen.