Harns sil aksje fiere foar OK

De operaasjekeamer yn Harns moat ticht troch besunigings
In breed selskip út Noardwest Fryslân sil healwei jannewaris nei Den Haach ôfreizgje om hantekens oan te bieden yn ferbân mei it behâld fan operaasjekeamer yn it MCL sikehûs yn Harns. De mear as 11.000 hantekens wurde oanbean on de Fêste Keamerkommisje foar de Folkssûnens.
Soarchgroep Noorderbreedte wol de operaasjekeamer yn Harns slúte, omdat der besunige wurde moat.