Geweld net skuld fan hoareka

26 mrt 2012 - 22:08
  • De Alde Doelestege yn it útgeansgebiet fan Ljouwert

Der moatte nije ôfspraken komme tusken hoareka, plysje en gemeente yn Ljouwert. Allinnich sa kin it útgeansgeweld goed bestriden wurde. Dat seit Baukje de Vries fan Horeca Nederlân. Neffens har wiene der yn it ferline goede ôfspraken, mar binne dy de lêste tiid wat ferwettere. Se fynt it te maklik dat de skuld fan it geweld by de hoareka dellein wurdt.

Horeca Fryslân stipet it plan fan boargemaster Crone om foar de hiele provinsje ien belied te meitsjen, De Vries fynt dat dat dan ek jilde moat foar bygelyks iepeningstiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)