Ungelok troch tillefoan

© Omrop Fryslân
By in ûngelok yn Eastermar binne tongersdei twa minsken ferwûne rekke. In 26-jierrige frou en har passazjier waarden beide ôflaat troch in mobile tillefoan dy't ôfgie. De frou rekke de macht oer it stjoer kwyt, rekke yn de berm en kaam tsjin in beam oan. De brânwacht hat de frou út de auto helle.
Sij is mei in stikkene skonk nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Har passazjier rekke licht ferwûne.