Drokte op de Waadeilannen

© Omrop Fryslân
De Waadeilannen ha yn de krystfakânsje wer in soad drokte mei toeristen. De measte fakânsjehúskes en apparteminten sitte fol. De hotels ha 75 persint fan de keamers ferhierd. Yn de earste wike fan it nije jier is it drokker as de wike om de krystdagen hinne.
Minsken geane dit jier faker in midwike mei fâkânsje as in hiele wike. Dat komt nei alle gedachten omdat earste krystdei no op tiisdei falt. Ferline jier siet it wykein derfoar.