Koolhof twifelt foar Go Ahead

20 des 2007 - 17:10

Cambuurtrainer Jurrie Koolhof wit noch net rjocht mei hokker spilers oft er freed yn Deventer de striid oangean sil tsjin Go Ahead Eagles. De trainer kin njonken de al langer blessearen Mboua en Casal, net beskikke oer El Khalifi en Sandor van der Heide. Fral yn oanfallende sin binne der dêrtroch fraachtekens foar Koolhof.

Achteryn komt Chris de Wagt werom fan in skorsing. Dêrtroch skoot Rick Hooijboer troch nei it middenfjild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)