Halik net fierder by Aris

© Omrop Fryslân
Basketbalclub Aris Friesland nimt alwer ôfskie fan Roman Halik. De Tsjech kaam in moanne lyn by de club, mar syn proefperioade wurdt net ferlingd. De clublieding giet op syk nei in opfolger. De oare Tsjech, Ctirad Klimanek, bliuwt wol by de Ljouwerters. Hy krijt in soad minuten en Aris is tefreden oer him.
De blessearre Roy Booker en Rein van der Kamp kinne nei alle gedachten begjin jannewaris wer meidwaan.