Benaud foar djoerdere molke

20 des 2007 - 16:17

De molke wurdt miskien djoerder troch de fúzje fan suverkonserns Friesland Foods en Campina. Boeren binne benaud dat se minder sizzenskip yn 'e koöperaasje krije. Boppedat kinne de overhead-kosten in grut part fan it jild opslokke. Guon oare boeren binne wol bliid mei de fúzje.

De boeren moatte as leden fan 'e koöperaasje de fúzje goedkarre. De supermerken kinne by priisferhegings de molke út België of Dútslân helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)