Heger berop oer Hells Angels

© Omrop Fryslân
It iepenbier ministearje giet yn heger berop tsjin de rjochtbank Amsterdam. Dy ferklearre it OM net ûntfanklik yn it proses tsjin 22 Hells Angels. De ynstânsje hat ferslaggen fan ôfharke petearen fan advokaten mei fertochten net ferneatige. Dat hie wol moatten, omdat it fertroulike ynformaasje is.
It Gerjochtshôf yn Ljouwert oardielde earder al yn heger berop dat de Hells Angels yn Harns gjin kriminele organisaasje binne.