'Oar plak 11-stêdebyld Snits'

20 des 2007 - 14:43

Yn Snits moat oar plak socht wurde foar it Alvestêdebyld fan Evert van Hemert. Dat fynt de keunstner sels. Hy wol der mei de gemeente oer prate. It byld stiet by de Houkesleat, mar falt te folle wei tsjin de boskjes op de eftergrûn.

De keunstner fan Kolderwolde hat op eigen inisjatyf alve bylden makke, foar elke Fryske stêd ien. Tongersdei binne de lêste twa ûntbleate, yn Drylts en yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)