Oanpassing foar ljochtproef

20 des 2007 - 14:34

De ljochtproef yn It Hearrenfean wurdt oanpast. Yn it bûtengebiet fan'e gemeente binne spesjale lampepeallen delset om it tsjusterder te meitsjen. In soad minsken fiele harren no net feilich mear en kinne it paad net mear fine.

De gemeente hat besletten de proef wat oan te passen. Sa krije de bushaltes in spesjale lantearn dy't troch reizgers oanset wurde kinne. Sa binne se wer sichtber foar de bussjauffeur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)