Fryske wettersport krijt in 8

20 des 2007 - 09:42

Besikers jouwe it toeristyske oanbod yn 'e Fryske wettersport in 8, mar fine it wol djoer. Dat is de útkomst fan in ûnderersyk ûnder 400 minsken.

Toeristen kinne benammen de natuer, de lânskiplike ôfwikseling, de rêst en de ferdivedaasje fan de Fryske doarpen bot wurdearje. Boatsjefarders fine dat de betsjinningstiden fan brêgen en slûzen better kin. Ek de foarsjennings by havens en oanlisplakken kinne better.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)