Winst Jong Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen hat de thúswedstriid tsjin Jong De Graafschap mei 2-1 wûn. Beide ploegen spilen net goed, mar krigen wol in hânfol kânsen. De ploech út Doetinchem kaam nei tsien minuten op foarsprong. Luciano Slagveer soarge mei in prachtige úthaal foar de 1-1 stân by it skoft. Yn de 81e minút brocht Arsenio Valpoort nei in moaie oanfal de winst by de ploech fan trainer Jan de Jonge. Syn team hat no 33 punten út 21 wedstriden, goed foar it sânde plak yn de beloftekompetysje.