Wytmarsum moat sels jild sykje

© Omrop Fryslân
Der komt gjin ekstra jild foar de needopfang foar asylsikers yn Wytmarsum. De Steaten fine dat de organisaasje sels op syk moat nei jildsjitters. De needopfang sit sûnder jild en moat op 1 jannewaris ticht. Trettjin húshâldens dy't dêr no ûnderdak hawwe, driigje op strjitte set te wurden.
Om it sintrum draaiende te hâlden wie 64.000 euro nedich.