Kontrakt Doeksen tekene

© Omrop Fryslân
Rederij Doeksen hat de kommende fyftjin jier gjin konkurrinsje op de fearboatetsjinst fan en nei Skylge. Woansdei waard it kontrakt dêrfoar tekene troch steatssekretaris Huizinga fan ferkear, boargemaster Visser fan Skylge en direkteur Melles fan Doeksen.
Earder woe de gemeenteried fan Skylge iepenbiere oanbesteging op it boatferfier tastien, mar dat beslút is weromdraaid.