Partijen te set oer gaswinning

© Omrop Fryslân
Gemeenten, doarpsbelangen, natoer- en miljeuorganisaasjes en boeren yn noardwest-Fryslân besjogge mei it Wetterskip kollektyf hoe't de streek ynspylje kin op de boaiemdelgong as gefolch fan gas- en sâltwinning.
De provinsje besjocht wat der nedich is foar de de ynwenners, lânbou, toerisme en de wetterhúshâlding om de boaiemdelgong op te fangen. De stjoergroep besiket ek it fertrouwen fan de streek werom te krijen.