Frysk-Sweedsk ferskes skriuwe

Andi Almqvist sil ferskes skriuwe op in boat yn Drachten
Trije Fryske en likefolle Sweedske muzikanten sille begjin jannewaris in wike lang ferskes skriuwe op twa boaten yn Drachten. Dizze saneamde Frisian Writers Week is betocht om Fryske muzyk yn Sweden en Sweedske muzyk yn Nederlân te promoatsjen.
Foar Fryslân dogge Meindert Talma, Mirjam Timmer en Laurens van der Meulen mei. De ferskes wurde op 10 jannewaris útfierd op it festival Noorderslag yn Grins.