Friezen ferdield oer Uruzgan

19 des 2007 - 10:54

De Fryske befolking is ferdield oer it pleatsen fan militêren yn Afganistan. De helte is foar en de oare helte tsjin en 21 prosint fan de Friezen hat gjin dúdlike miening. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan sintrum Tûmba út Ljouwert ûnder mear as 1400 Friezen.

Tiisdei hat de Twadde Keamer besletten om de misje yn de Afgaanske provinsje Uruzgan mei twa jier te ferlingen. Ein 2010 rint de misje definityf ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)