'Ferromje minimaregeling'

19 des 2007 - 10:42

Ljouwert ûndersiket oft in gruttere groep minsken yn 'e beneaming komme kin foar minimaregelingen. No is it noch sa dat allinne minsken dy't in ynkommen ha oant 105 prosent fan it wetlik minimumynkommen allerhande fergoedingen krije kinne.

Dat giet dan om 6000 húshâldens. Mar ek de groep dy't krekt wat mear jild hat, kin dan fan takom jier ôf in bydrage krije foar saken as it lidmaatskip fan in sportferiening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)