De Westereen wurdt offisjeel

© Omrop Fryslân
De Westerein wurdt mei yngong fan 2009 definityf De Westereen. Dat hat gemeenteried fan Dantumadiel tiisdeitejûn besletten. De namme komt folle better oerien mei hoe't it doarp troch de eigen ynwenners neamd wurdt.
Ek út in enkête yn it doarp die bliken dat in grutte mearderhied fan it doarp achter de nammeferoaring stiet. Wannear't de plaknammeboerden krekt ferfongen wurde sille, is noch net bekend.