Peaskefjoer yn Aldeberkeap

Peaskefjoer © Omrop Fryslân
Aldjiersferiening De Geitefok fan Aldeberkeap organisearret peaskesnein wer in peaskefjoer. Dy jûn om acht oere sil de peaskebult oan de Deddingabuert troch bern fan de basisskoalle oanstutsen wurde. Ferline jier gie it feest net troch, omdat it te droech wie. Dêrom pakt de organisaasje dit jier ekstra grut út mei in feesttinte en in DJ derby.
Begjin febrewaris waard it materiaal foar de bult troch fandalen yn 'e brân stutsen, mar ûndertusken is der al wer hiel wat snoeihout byelkoar brocht.
Oant en mei de sneons foar Peaske kinne minsken noch snoeihout by de peaskebult bringe.