It giet oan yn Nijelemmer

19 des 2007 - 10:05

De koartebaanwedstryd foar manlju op de iisbaan fan Nijelemmer kin woansdeitemiddei trochgean. Der leit genôch iis om de wedstriid hâlde te kinnen. Der hawwe har oant no ta al 33 manlju opjûn foar de wedstryd. Dat opjaan kin noch oant healwei tolven, de wedstryd sels begjint om healwei twaën.

Nijelemmer is it earste plak dêr't dit seizoen in offisjele wedstryd fan de KNSB op natueriis hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)