Mear ynformaasje op Hisgis

© Omrop Fryslân
Hisgis, it histoarysk geografysk ynformaasjesysteem fan Fryslân, is útwreide mei nije ynformaasje. Op de website binne de kadastrale gegevens werom te finen oant yn de betide midsieuwen. Dat is nij, want earder gie de ynformaasje net fierder werom as it jier 1700.
De nije website jout ynformaasje oer it besit yn Fryslân fan it jier 1200 ôf. It adres fan de website is www.hisgis.nl.