De Haan moat priis diele

18 des 2007 - 21:30

Foppe de Haan moat de titel Coach fan it Jier diele mei honkbalcoach Robert Eenhoorn. Op it Sportgala fan it Jier yn Amsterdam keazen de sporters tiisdeitejûn wa't it neffens harren it bêste dien hat it ôfrûne jier.

Jong Oranje coach De Haan en honkbal-bûnscoach Eenhoorn kamen tegearre op it earste plak út. Jong Oranje, it fuotbalteam fan De Haan, waard keazen ta bêste Sportploech fan it Jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)