6 miljoen foar fûgelreservaten

18 des 2007 - 17:02

De Twadde Keamer stelt seis miljoen euro beskikber foar beskerming fan greidfûgels. De Keamerfraksjes fine dat yn 'e Ryksbegrutting fan takom jier te min jild frijmakke is foar bedrige soarten lykas de skries. Dêrtroch driigje projekten dy't ferline jier begûn binne, alwer ophâlde te moatten.

It jild dat de Keamer no beskikber stelt, is foar reservaten foar greidfûgels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)