Fiif jier easke yn webcamsaak

18 des 2007 - 16:25
  • "Fiif jier easke yn webcamsaak"

De rjochtbank Ljouwert hat tsjin in man (28) út Ommen fiif jier sel easke foar ferkrêfting fan in minderjierrich famke út Fryslân. De man socht op ynternet chatkontakt mei minderjierrige famkes. Fjouwer binne it slachtoffer wurden. Ien soe er ferkrêfte ha, de oaren misbrûkt.

De man hat ek berneporno makke en ferspraat. De feroardielde twong de famkes foar de webcam ta seksuele hannelings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)