Miljoenen foar Fryske tsjerken

18 des 2007 - 16:06

Den Haach lûkt miljoenen út foar restauraasje fan monumintale Fryske tsjerken. Minister Plasterk hat in lanlik plan opsteld foar 60 miljoen euro. Yn Fryslân giet it measte jild nei de Gertrudistsjerke yn Warkum en de Martinitsjerke yn Boalsert.

Tsjerken yn Kimswert, Koarnwert, Raerd, Doanjum, Baaium, Dedzjum, Ljouwert en Froubuorren stean ek op 'e list. Sy krigen earder ek gjin subsydzje foar restauraasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)