Slimme botsing by Haulerwyk

18 des 2007 - 15:53

By in oanriding tusken Haulerwyk en De Haule binne tiisdei twa persoanen swierferwûne rekke. By in rotonde botsten in auto en in frachtauto opinoar. De persoanewein wie op 'e ferkearde helte fan 'e dyk telâne kaam.

De 82-jierrige ynsittende fan 'e auto en syn 84-jierrige frou, beide út Haulerwyk, binne swierferwûne ôffierd. De traumahelikopter en de brânwacht waarden ek ynskeakele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)