Algen foar produksje biodisel

18 des 2007 - 14:17

Molkfeehâlderijbedriuw Kelstein fan 'e famylje Zijlstra fan Hallum sil neist molke ek algen produsearje. Dy wurde brûkt foar it meitsjen fan biodisel, iten en medisinen. De organismen wurde kweekt yn in ynstallaasje keppele oan in dongfergister. Troch de waarmte dy't dy ôfjout, kinne de algen groeie.

Op it stuit stiet yn Nederlân ien algetyltynstallaasjes. Dy smyt 6500 kilo algen de bunder op yn it jier. Koalsied jout net mear as 700 kilo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)