Wurkleazens hast leechste ea

Yn 'e sektoren technyk, ICT en de soarch wurdt it hieltyd dreger minsken te finen
It wurkleazenspersintaazje yn Fryslân leit hast op it leechste nivo ea. Dat seit CWI-regiomanager Van Galen. Sân prosint fan 'e Fryske beropsbefolking is no wurkleas. Dêrmei komt it yn 'e buert fan it lanlik trochsneedsifer fan 6,2 persint. Dat is it leechste nivo sûnt jierren.
Mei-inoar sitte rûchwei 20.000 Friezen sûnder wurk. Yn 'e sektoren technyk, ICT en de soarch wurdt it hieltyd dreger minsken te finen.