Floriade goed foar it Noarden

26 mrt 2012 - 20:40

De wrâldtentoanstelling Floriade is neffens de SER, de Sosjaal Ekonomyske Ried, de kâns foar Noard-Nederlân om ynternasjonaal oandacht te krijen as regio mei kânsen. De SER ropt de polityk yn it Noarden dan ek op om it inisjatyf fan de gemeente Grins te stypjen om de Floriade yn 2022 binnen te heljen.

De Floriade wurdt sûnt 1960 ien kear yn de tsien jier hâlden. Dit jier is it yn Venlo. Foar 2022 is Grins ien fan de fjouwer kandidaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)