Verbeek hie bliuwe wollen

18 des 2007 - 13:45
  • Yme Kuiper en Gertjan Verbeek op de parsekonferinsje fan tiisdei (foto Martin de Jong)

Trainer Gertjan Verbeek (45) hie noch wol twa jier by SC Hearrenfean bliuwe wollen. Mar de direksje fan 'e club wol syn kontrakt net ferlinge. Verbeek hat ein dit seizoen fjouwer jier haadcoach west by de Feansters.

Neffens de direksje is de club tefreden oer Verbeek. Mar nei fjouwer jier wurdt it tiid foar in nij lûd. Wêr't Verbeek hinnegiet, it noch net bekend. Oer in opfolger is ek noch neat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)