Kwaliteitssertifikaat Palet

© Omrop Fryslân
Soarchorganisaasje Palet hat yn ien kear it HKZ-sertifikaat foar kwaliteit helle. De beoardieling jildt foar alle ôfdielingen. Dêrom is it bysûnder dat it sertifikaat yn ien kear takend is.
Palet bestiet ûnder oare út wensoarchsintra, in ferpleechhûs, wenfoarsjennings foar demintearjenden, in ferpleechhotel en in hospice. De soarchynstelling wurdt no alle jierren toetst of der noch wol oan 'e kwaliteitskritearia foldien wurdt.