Reedride op Ryptsjerkerpolder

Reedride op Ryptsjerkerpolder
Op 'e Ryptsjerkerpolder by Ljouwert binne de earste reedriders alwer sjoen. It iis is moandeinacht wer wat sterker wurden en dus better om op te riden. De reedriders bliuwe wol oan 'e râne fan 'e polder. Sakje se dertroch, dan is dat net sa slim. Der stiet mar in tsiental sintimeter wetter.
De Ryptsjerkerpolder is fan âldsher it earste plak yn Fryslân dêr't reedriden wurde kin.