Fytser oanriden yn Kollum
In frou fan 70 jier is moandeitemoarn ferwûne rekke by in ûngelok yn Kollum. Se fytste op de Voorstraat doe't se ynhelle waard troch in auto. Nei alle gedachten wykte de frou út nei links. De 19-jierrige bestjoerster fan de auto botste doe op har.
De frou rekke ferwûne oan de holle. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Dokkum brocht.