V.d. Heide net tsjin Go Ahead

Sandor van der Heide hat in blessuere oan syn hakke
Sandor van der Heide is freed net ynsetber foar Cambuur yn de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. De oanfallende middenfjilder hat op 'e nij lêst fan de hakke. Van der Heide hat dêr foto's fan meitsje litten yn it sikehûs, mar dêr is neat op te sjen.
Rachid El Khalifi is freed nei alle gedachten ek net ynsetber. El Khalifi foel tsjin Stormvogels/Telstar út mei in ankelblessuere en hat dêr noch bot lêst fan.