Ferlies jong Hearrenfean

17 des 2007 - 21:33

Jong Hearrenfean ferlear moandeitejûn foar de tredde kear dit seizoen. Yn in kâld Abe Lenstra stadion wie jong FC Utrecht mei 2-1 te sterk.

De thúsploech, mei yn de earste helte Afonso Alves ûnopfallend binnen de linen, kaam troch Arnor Smárason noch wol op foarsprong. Nei de 1-1 stân by it skoft waard der yn de twadde helte min spile. Jong FC Utrecht - de ploech fan âld-Cambuur trainer Roy Wesseling -pakte yn de 68ste minút de winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)