Databank fan foardragers

17 des 2007 - 20:36

In nije databank fan minsken dy't gedichten foardrage kinne, moat der foar soargje dat de Fryske poëzy yn de takomst faker yn it iepenbier te hearren is.

De databank wurdt opset troch it Frysk Taalsintrum yn Ljouwert. Neffens it sintrum is der in soad ferlet fan minsken dy't moaie gedichten foardrage kinne foar bygelyks betinkings en oare offisjele gelegenheden, mar binne se dreech te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)