Ien webside bioboerprodukten

Bioboer hat de winkel oan hûs
Biologyske streekprodukten ferkeapje hieltyd better. Minsken keapje it farske guod it leafste by de bioboer sels. Bioboeren hawwe no mei-inoar ien ynternetside makke. Op fryskeboerderijwinkels.nl stiet in list mei alle Fryske bioboerewinkels om noch mear keapers te lûken.
De webside is in inisjatyf fan de Waddengroep en de Feriening fan biologyske boeren Fryslân. De provinsje en it Ryk betelje ek mei.