Ofstelplak deadehoekespegels

De frachtwein moat tusken de strepen stean gean en dan kin de sjauffeurs de spegels ynstelle
It earste iepenbiere ôfstelplak foar deadehoekespegels leit yn Fryslân, by Surch. Rykswettersteat en Transport en logistyk Nederland hawwe it inisjatyf dêrta naam. De deadehoekespegels binne fan grut belang foar de feiligens fan fytsers en fuotgongers. Sjauffeurs kleie wol gauris dat de spegels sa dreech ôf te stellen binne. Yn it ôfstelplak stean spesjale strepen op 'e wei. De frachtauto moat dertusken stean gean.