Houten ramten foar sterker iis

17 des 2007 - 17:24
  • De bylzen yn it wetter moatte derfoar soargje dat it iis hurder oangroeit

Yn Harns binne de earste tariedings foar in mooglike Alvestêdetocht dien. Under de tram- en spoarbrêge binne in pear ramten pleatst. Dy brêgen binne fan âldsher swakke plakken yn 'e route. De houten bylzen moatte derfoar soargje dat it wetter gauwer tichtfriest en it iis earder op dikte is. Yn 1997, it jier fan de lêste Alvestêdetocht, is deselde wurkwize ek mei súkses tapast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)