Kopstjit yn plysje-auto

17 des 2007 - 10:05

In 39-jierrige Ljouwerter is sneintemiddei oppakt om't er de plysje skopt en misledige hie. De plysje wie ôfkaam op in melding fan oerlêst fan jongerein oan 'e Lieuwenburg. Dêr kaam de plysje de Ljouwerter tsjin. Dy begûn de plysje te misledigjen en te bedriigjen.

By syn oanhâlding fersette de man him bot. Hy skopte in plysje. Yn 'e plysje-auto joech er in kopstjit. De Ljouwerter sit noch fêst op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)