Marrit Leenstra yn foarm

16 des 2007 - 16:30
  • Marit Leenstra (foto Martin de Jong)

Reedrydster Marrit Leenstra ried snein by de wrâldbekerwedstriden yn Erfurt op de 1000 meter wer by de earste tsien. De ynwenster fan Wikel waard njoggende yn 1.17,61. In dei earder gong it noch better. Doe waard se sânde yn 1.17,40.

Op beide dagen wie Anni Friesinger oppermachtich mei 1.15,71 en 1.15,64. Ireen Wüst wie twa kear de bêste rydster foar Nederlân: fjirde en twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)