Juffermans wint maraton

16 des 2007 - 14:12

Cees Juffermans út Alphen aan den Rijn hat snein yn Amsterdam de njoggende maraton foar de Essent Cup wûn. Juffermans wie de rapste yn 'e sprint fan de groep fan tweintich man dy't yn de finale altyd oerbliuwt. Ruud Borst wie op it sechsde plak de bêste Fries.

Op de maraton oer 100 rûnden gongen de toppers Bob de Vries en Cédric Michaud ûnderút. Bob de Vries bliuwt lieder yn it klassemint. Elma de Vries wûn, lykas sneon, by de froulju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)